SC Heerenveen nei kwartfinale

© Omrop Fryslân
SC Heerenveen hat de kwartfinale fan de bekerkompetysje berikt. Yn it Abe Lenstra-stadion waard VVV Venlo tiisdei ferslein mei 2-0.
Foar sawat 11.000 taskôgers skoarde Klaas Jan Huntelaar mei in penalty de earste goal. Samaras makke djip yn de twadde helte de 2-0 en besliste dêrmei de wedstryd. De earste-divyzjonist VVV Venlo hie yn in ronde earder noch FC Utrecht útskeakele.