Tal oernachtings is ôfnommen

21 des 2005 - 11:36
Foto: Omrop Fryslân

It oantal toeristyske oernachtings yn Fryslân is ferline jier ôfnaam. Der wie in lytse delgong fan gemiddeld 2%. Benammen de hotels hiene minder gasten. Dat docht bliken út de sifers fan it rapport Tourdata Noord. Ien fan de oarsaken is de ekonomyske delgong yn Nederlân en Dútslân. Ut dy hoeke komme de measte minsken nei Fryslân ta.

Mear as de helte fan de toeristyske ûndernimmers jout oan tefreden te wêzen oer it tal besikers fan it ôfrûne jier.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)