Oera Linda Boek ferfilme?

© Omrop Fryslân
It Oera Linda Boek wurdt mooglik ferfilme. Senarioskriuwer Sura de Heer fan Amsterdam hat dêr plannen foar. Hy is dwaande mei in Nederlânske oersetting.
It boek beskriuwt yn tige âld Frysk de skiednis fan de Friezen. Der wurdt wakker ûngelyk oer it boeke tocht. Algemien wurdt oannommen dat it om in ferfalsking giet, mar De Heer leaut dat it boek echt is. Wittenskipper Goffe Jensma is derop promovearre.