Waadgidsen ferplichte oanmelde

© Omrop Fryslân
Waadringidsen moatte har tenei yn it gefal fan kalamiteiten melde by de Centrale Meldpost Waddenzee. Dat stiet yn in feilichheidsprotokol fan de stjoergroep Waadprovinsjes dat tiisdei yn Lauwerseach presintearre is. Dat melden bart oer de marifoan. Ek it tal dielnimmers moat trochjûn wurde.
Doel fan de ferplichte oanmelding is bettere helpferliening by kalamiteiten. Alle jierren kuierje sawat 80.000 minsken op it Waad.