Tefreden oer oanpak swalkjeugd

20 des 2005 - 16:59

It Ryk is tefreden oer de oanpak fan swalkjende jeugd troch provinsjes en gemeenten. Dat hat steatssekretaris Ross fan Folkssûnens hjoed bekendmakke. Mei de provinsjes is ôfpraat dat de buro's foar jeugdsoarch jongeren sûnder fêst wenplak registrearje.

It Ryk stelt jild beskikber foar in pakket oan maatregels. Ien dêrfan is it yn kaart bringen fan goede foarbylden mei as doel dat gemeenten en provinsjes fan-inoar leare kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)