PB-sintrum yn saak-Damwâld

© Omrop Fryslân
De fertochte fan de dea fan Ton van Lieshout (63) moat foar observaasje nei it Pieter Baan Sintrum. Dat hat de rjochter tiisdei bepaald. Wêroan't de Damwâldster krekt stoarn is, wurdt op it stuit noch útsocht troch it Forensysk Ynstitút yn Rijswijk. Sikehûs MCL is ek frege om in ferklearring.
De fertochte Piet Van der M. út Broeksterwâld wol net nei it Pieter Baan-sintrum. Hy seit dat er folslein ferantwurdlik is foar wat der bard is.