ONS wint troch gelokkige goal

ONS Snits © awfoto.nl
ONS hat sneon mei 1-0 wûn fan Flevo Boys. Yn Emmeloord krigen de taskôgers in ientoanige earste helte te sjen. Giele kaarten en sloppe frije trapen tekenen de wedstriid. Pas nei it skoft kamen der kânsen foar ONS. It wie úteinlik Martijn Roosenburg dy't de Snitsers op foarsprong sette. Syn skot waard fan rjochting feroare en bedarre mei in gelokje yn 'e goal. Op jacht nei de lykmakker krige Flevo Boys in soad kânsen, mar keeper De Vries wist syn doel knap skjin te hâlden. Troch de winst stiet ONS noch altyd op it 3e plak yn de haadklasse C.