Oersetting Mein Kampf stillein

20 des 2005 - 14:16
Foto: Omrop Fryslân

Nei fûle krityk is de Fryske oersetting fan Hitler syn boek Mein Kampf stillein. Earder hat de oersetting fan de earste twa haadstikken op ynternet stien. Oersetter Henk Wolf neamde it ûnterjochte dat Hitler syn boek net troch elkenien lêzen wurde kin, ek al is er it mei de ynhâld net iens.

Earst waard de namme fan Eric Hoekstra as oersetter neamd. Dy ûntkende alles, mar fielde him wol bot yn syn namme en reputaasje oantaast.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)