Plan foar nijbou Sint Nyk

© Omrop Fryslân
Noch dit jier wurdt in earste oerienkomst sletten oer de bebouwing fan it gebiet fan it molkfabryk yn Sint Nyk. Wennigbouferiening Súdwestfryslân, Stichting Hof en Hiem en de gemeente Skarsterlân wolle dêr in kombinaasje realisearje fan wenten, soarchfunksjes en oare foarsjennings.
Healwei jannewaris wurdt in startbyienkomst holden om ideeën nei foaren te bringen. Der folgje dan ek ôfspraken makke oer it ferfolchtrajekt.