Flaams popfestival yn Harmonie

© Omrop Fryslân
Stedsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert organisearret yn jannewaris de earste edysje fan in Flaams popfestival. Under de namme 'Vlaanderen roept' trede dan seis bands út it Nederlânsktalige part fan België op. It giet dan ûnder oare om Millionaire, White Circle Crime Club en DeLaVega.
It is de bedoeling dat it in jierliks weromkearend popfestival wurdt. It is de ôfsluting fan de Flaamske wike yn de skouboarch.