Biobrânstof-stasjon oan sneldyk

© Omrop Fryslân
Oaljemaatskippij Argos Oil set begjin takom jier yn Fryslân út ein mei de ferkeap fan biobrânstoffen oan de sneldyk. It bedriuw hat ferline wike de hierrjochten fan it Esso-tankstation Wildinghe oan de A7 by Wytmarsum kocht.
Argos Oil wol hjir net allinne gewoane benzine ferkeapje mar ek saneamde e-fuel. Dy brânstof is miljeufreonliker en like djoer as de reguliere brânstoffen.