Ferbou Lawei: 18 miljoen euro

20 des 2005 - 10:06

Teater De Lawei yn Drachten moat foar 18 miljoen euro oanpast wurde, sadat ek keunstsintrum De Meldij en poppoadium Iduna der plak krije kinne. Dat docht bliken út in stúdzje fan arsjitekt Riek Bakker yn opdracht fan De Lawei, in projektûntwikkelder en de wenningbouferiening Smellingerlân.

De Lawei, De Meldij en Iduna wolle graach mei-elkoar yn ien gebou sitte. Dêrfoar soe De Lawei yngripend ferboud wurde moatte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)