Jild Waadfûns wolkom

20 des 2005 - 10:03

De jild-ynjeksje dy't it Waadgebiet út it saneamde Waadfûns krijt, is mear as wolkom. Dit docht bliken út de plannen dy't moandei presintearre binne op it Bilt. Foar de ûntwikkeling fan it gebiet binne te min sinten beskikber.

It is lykwols noch net wis oft it Waadfûns der komt. Dat hinget ôf fan it trochgean fan de gasboarrings ûnder it Waad. As de winning trochgiet, komt der 800 miljoen euro yn it Waadfûns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)