Fraude by CBR-eksamens

© Omrop Fryslân
Personiel fan it Centraal Buro Rijvaardigheidsbewijzen, it CBR, krijt ekstra kursussen om fraudeurs op te spoaren. Hieltyd mear kandidaten besykje op ûnearlike wize it rydeksamen te heljen, ek yn Fryslân.
Sa besocht yn Ljouwert in groepke minsken elkoar fia lege sigrettedoaskes fragen troch te spyljen. Op It Hearrenfean joech ien him út foar in oar út om sa it rôze papierke te beheljen.