Opskuor jeugdspiler Hearrenfean

20 des 2005 - 09:58

By SC Hearrenfean is opskuor ûntstien oer foto's dy't sirkulearje ûnder supporters. Dêrop is de 17-jierrige jeugdspiler Rawley Rozendaal te sjen mei kokaïne en in pistoal. Neffens Rozendaal binne de foto's yn sêne set. It wapen is nep en de kokaïne is sûker. De jeugdspiler hat wol in warskôging fan de klub foar krigen.

Rozendaal stiet sûnt maart dit jier ûnder kontrakt by SC Hearrenfean. Dêrfoar kaam er út foar Ajax.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)