Besmetlike hynstesykte

19 des 2005 - 17:09
Foto: Omrop Fryslân

Hynstebesitters yn Fryslân binne ekstra alert no't yn Drinte twa hynders dea gien binne oan in besmetlike firusynfeksje. It giet om it saneamde rhinopneumoni, dy't soarget foar ferlammingsferskynsels.

By de klinyk foar hynders yn Aldeholtpea komme in protte fragen binnen oer it firus, mar yn Fryslân hat de sykte de kop noch net opstutsen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)