Bank jeugdsjoernaal yn Akkrum

19 des 2005 - 17:09

De Boargemaster Thalen-skoalle yn Akkrum hat sûnt dit wykein in wol hiel bysûndere bank yn de biblioteek. In wikseling fan dekors yn Hilversum betsjutte dat it âlde jeugdsjoernaaldekor ferlotte waard ûnder de skoalbern fan Nederlân.

Twa learlingen fan de skoalle yn Akkrum hiene sa'n orizjineel mailtsje stjoerd nei it jeugdsjoernaal, dat sy de bank krigen hawwe. Sneon is de bank ûnder grutte belangstelling ophelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)