Frou (71) omkaam by ûngelok

19 des 2005 - 15:13

By Froubuorren is in frou fan 71 jier út Sint Jabik om it libben kaam by in iensidich ûngelok. In oare frou, fan 76 jier, rekke licht ferwûne. De auto fan de froulju rekke sneon yn in slip en bedarre op de kop yn de sleat. De frou fan 71 is ferdronken.

De oare frou koe troch tsjûgen holpen wurde en is letter nei it sikehûs brocht. Minsken mei in terreinauto hawwe de auto út de sleat helle. Letter binne noch dûkers ynset.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)