Projekt Omrin yn Senegal

19 des 2005 - 14:30

Offalferwurker Omrin stipet in ûntwikkelings-projekt yn Senegal. Yn twa doarpen sille oplaadbere batterijen yntroduseard wurde. Om't der gjin elektrisiteit yn it gebiet is, brûke de minsken in soad batterijen, dy't fuortsmiten wurde as se leech binne.

Omrin lit de bewenners yn 'e kunde komme mei oplaadbere batterijen, mei batterijladers op sinne-enerzjy. Dat is better foar it miljeu en goedkeaper.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)