Snackbar St. Jabik útbaarnd

© Omrop Fryslân
Snackbar De Oude Postduif yn St. Jabik is sneon útbaarnd. De brânwacht rukte mei grut materieel út omdat se mar min oan genôch wetter kommen koene. De korpsen fan Sint Anne, Menaam en Ljouwert moasten útrukke en hiene de brân al gau ûnder kontrôle, it wenhús njonken de snackbar koe rêden wurde.
De brân is nei alle gedachten net oanstutsen sa as earder it gefal wie by snackbarbrânnen by de Febo yn Ljouwert en de McDonalds yn Goutum.