Roeirêdingsboat Skylge

© Omrop Fryslân
Op Skylge kin tenei noch in better byld jûn wurde fan de skiednis fan de rêdingsboaten op it eilân. Op Skylge leit no al de âldste stielen motorrêdingsboat fan de wrâld: de Rutgers van Rozenburg.
Mar de stifting achter dizze boat keapet no ek in âlde roei-rêdingsboat. Dy komt út Súd Hollân, mar liket in hiel soad op in roei-rêdingsboat dy't yn it ferline op Skylge brûkt is.