Yllegaal fjoerwurk Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat tongersdeitejûn 1000 kg sierfjoerwurk yn beslach naam yn in loads oan it Mariahof yn Ljouwert. Dit fjoerwurk waard ferhannele troch in 53-jierrige Ljouwerter. De loads is net geskikt foar de opslach fan fjoerwurk. Neist it sierfjoerwurk waard ek noch 1000 kilo yllegaal knalfjoerwurk oantroffen.
Der binne trije oanhâldings dien. Al it fjoerwurk is yn beslach naam en fernietige.