Lette winst foar Vadeko Flyers

19 des 2005 - 10:48

Yn de iishockeykompetysje hat Vadeko Flyers sneon thús op Thialf mei 4-3 wûn fan Ruijters Eaters út Geleen. De winnende goal waard twa tellen foar tiid makke troch Tyler Palmiscno.

De earste perioade stiene de Feansters noch mei 0-1 achter, de twadde einige op 1-1. Yn de tredde perioade rûnen de Flyers tsjin de ferhâldingen yn út nei 3-1. Geleen kaam noch al op 3-3, mar moast úteinlik dochs belies jaan. De Flyers steane earste yn de kompetysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)