Wer ferlies froulju Snits: 0-3

© Omrop Fryslân
De earedivyzje follybalfroulju fan Snits giene sneon kânsleas ûnderút tsjin in oare degradaasjekandidaat Sliedrecht Sport: 0-3. Yn de earste set kaam Snits mei 20-15 foar, mar it waard dochs noch 21-25. De twadde set gie mei 19-25 ferlern en de tredde mei 20-25.
De Snitser froulju bliuwe no lêste yn de earedivyzje mei twa punten út tsien duels. Nettsjinsteande de minne resultaten wol trainer Olof van der Meulen it seizoen gewoan ôfmeitsje.