Nijboer trener Drachtster Boys

© Omrop Fryslân
Luitzen Nijboer fan Lippenhuzen wurdt de nije trener fan sneons haadklasser Drachtster Boys. Nijboer wurdt de opfolger fan Jan ten Hage, dy't nei ôfrin fan dit seizoen fuortgiet by de sneons haadklasser. Nijboer hat in kontrakt tekene foar ien jier.
Nijboer is yn maaie dit jier opstapt by de Harkemase Boys. By de Boys wie doe in krisissituaasje ûntstien troch in skeel tusken in grut diel fan 'e spilers en it bestjoer.