Tûzenste kursist Seniorweb

© Omrop Fryslân
Seniorweb Súd-Fryslân hat ôfrûne freed de tûzenste kursist ynskreaun. It giet om de tachtichjierrige Karst Nijenhuis fan Wolvegea. Hy krige de kursus fergees oanbean. Nijenhuis is fan betinken dat in minsk nea te âld is om te learen.
Seniorweb Súd-Fryslân is yn jannewaris 2003 útein set mei kompjûterkursussen foar fyftichplussers yn de Stellingwerven. De kursussen wurde jûn troch sa'n fyftich frijwilligers.