"Fries moat winkelje yn Grins"

17 des 2005 - 10:03

Der moatte mear Friezen nei Grins ta te winkeljen. Dat wol de Groningen City Club, de winkeliersferiening fan Grins. Yn it nije beliedsplan skriuwt dy dat der in grutte reklamekampanje komme moat, om foaral ynwenners fan it easten fan Fryslân nei Grins te heljen.

Neffens de Groningen City Club hawwe plakken as Ljouwert, Drachten en it Hearrenfean wol in goed winkeloanbod, mar misse dy de spesjaalsaken dy't Grins wol hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)