Priis foar Ljouwerter keunstner

16 des 2005 - 17:47

De jonge Ljouwerter keunstner Gerard Boersma hat in priis wûn op de Biënnale yn Florence. Dat is in prestizjeuze keunstmanifestaasje dy't om de twa jier hâlden wurdt, dit is de fyfde kear.

Boersma krijt in saneamde De-Medici-priis foar syn skilderijen mei foto-realistyske styl. It is de earste kear dat de keunstner in ynternasjonale priis yn de wacht sleept. Boersma eksposearre earder dit jier ek al yn New York.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)