Tsjûgen saak Fetter benaud

© Omrop Fryslân
Belangrike tsjûgen yn de saak Fetter doare net nei it gerjochtshôf yn Ljouwert te kommen. Dat hat bliken dien by it heger berop. De tsjûgen soene benaud wêze foar de fertochten en har freonen.
Manuel Fetter waard ferline jier mei 14 mestekken om it libben brocht. Twa manlju waarden earder troch de rjochtbank feroardield ta 14 en 8 jier sel, mar fertochten en iepenbier ministearje giene yn heger berop.