Nij stik wenwyk de Jouwer

© Omrop Fryslân
Op de Jouwer is freedtemoarn de earste peal slein foar in nij stik fan de wenwyk Wyldehoarne. Yn dizze nije wenwyk komme mei elkoar sa'n 750 hûzen.
Freed is begûn mei de bou fan 140 hûzen, de helte dêrfan bestiet út hierwenten en goedkeapere keapwenten. Mei dy hûzen moat de trochstreaming út besteande hierwenten op gong holpen wurde. Dêrom wurde de hûzen foar in part ûnder de merkpriis oanbean.