Jonge (15) blaast brievebus op

16 des 2005 - 14:44
Foto: Omrop Fryslân

In jonge fan 15 út Balk is tongersdei troch de plysje oppakt omdat er earder dizze wike yn syn wenplak in brievebus fan TPG-post opblaasd hat. De jonge die dat troch der fjoerwurk yn te goaien.

De bus rekke folslein fernield. Dat jildt ek foar in oantal poststikken dy't yn de bus sieten. De jonge koe oanhâlden wurde troch in tip fan in tsjûge.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)