Hinder troch stoarm yn Fryslân

16 des 2005 - 14:13

Yn Surhústerfean is freed troch de stoarm in beam omwaaid. Hy foel krekt by in hûs del. It krúspunt dêr't de beam stie, is ferline jier opknapt. In part fan de woartels soe doe fuorthelle wêze. De beam is dêrtroch minder sterk wurden.

Der is mear oerlêst troch de stoarm. Op de Lemmer giet de krystmerk oer, omdat de houten kreamkes mooglik omwaaie kinne. Yn Frjentsjer kin de tinte op de Breedeplaats net opboud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)