Stroetinga wint op iis Thialf

16 des 2005 - 13:56

Reedrider Arjan Stroetinga út Aldeberkeap hat tongersdei op it Hearrenfean de tredde wedstryd fan de seisdaagse wûn. Stroetinga wie de bêste yn de massasprint. Hy bleau Jan Maarten Heideman en Ingmar Berga foar.

Douwe de Vries fan it Hearrenfean kaam net fierder as in sechde plak. Hy bliuwt mei syn tredde plak wol de bêste Fries yn it klassemint. By de froulju wûn Elma de Vries út Haule de iepeningswedstryd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)