F'diel net mear ûnder tafersjoch
De gemeente Frjentsjerteradiel hat yn 2006 gjin tastimming mear nedich fan de provinsje om jild út te jaan. Fanwege in minne finansjele sitewaasje stie de gemeente ûnder tafersjoch fan de provinsje.
De begrutting foar takom jier lit gjin grutte finansjele tekoarten sjen en dêrom is it net mear nedich om de provinsje om tastimming te freegjen foar ôfsûnderlike útjeften. De begrutting is no op foarhân goedkard.