Marrekrite sil net fêste wal op
Rekreaasjeskip de Marrekrite sil har aktiviteiten net útwreidzje nei de fêste wâl. It bestjoer hat dêr ta besletten. De Marrekrite is no foaral bekend fan de fergeese oanlisplakken foar wettersporters.
Der wiene plannen om it behear en ûnderhâld fan fyts-en kuierpaden mei te nimmen as aktiviteit. Neffens it bestjoer soe der mei dy ekstra aktiviteiten te folle druk komme op it gewoane wurk.
Trefwurden:
argyf