Doeksen-direksje: akkoart fia UR

16 des 2005 - 09:48

De direksje fan Rederij Doeksen yn Harns fynt dat se genôch dien ha om aksjes troch it personiel tsjin in nij roaster foar te kommen. Wurknimmers binne benaud foar ûntslaggen en ûngaadlike wurktiden.

De direksje jout ta dat it tsjinstroaster feroaret en wol dêroer in akkoart slute mei it personiel fia de ûndernimmingsrie. Neffens direkteur Melles hat it nije roaster te krijen mei de nije fearboat foar Flylân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)