De Vries twadde op iis Eindhoven

© Omrop Fryslân
Maratonreedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean is woansdei twadde wurden by de twadde wedstryd fan de Greenery seisdaachse yn Eindhoven. De Vries einige nei Ingmar Berga en foar Miel Rozendaal. Yn it klassemint stiet Douwe de Vries no op it tredde plak.
De wedstryd yn Eindhoven ferrûn foar in tal riders net goed, sy foelen yn de lêste bocht foar de finish. Under har wie ek Bob de Vries út Haule, hy rûn troch de fal in snijwûne op.