Smoargens-oprêder ûnderskieden

15 des 2005 - 17:18

Obe van der Meer fan Boalsert hat tongersdei in ûnderskieding krigen omdat er him al tweintich jier ynset foar it oprêden fan smoargens. De gemeente Boalsert hie Van der Meer bij de Stifting Nederland Schoon foardroegen foar de ûnderskieding.

Rûnom yn Nederlân wurde minsken yn it sintsje set, omdat se har dwaande hâlde mei it oprêden fan omslingerjend smoargens. Se krije in spjelde mei de tekst 'Zwerf-Afval-Pakker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)