Bagger yn de recycling dien

15 des 2005 - 16:32

Bagger yn Fryslân moat net opslein wurde, mar sa gau mooglik opnij brûkt wurde. Dat ha de provinsje, de Fryske gemeenten, Wetterskip Fryslân en Rykswettersteat mei elkoar ôfpraat.

Mear as 90% fan de bagger yn Fryslân is skjin genôch om wer te brûken by de oanlis fan diken, wâlskanten en kaden en foar it opheegjen fan lege stikken lân. Ek binne minder opslachdepots nedich en kin der suniger omgien wurde mei oare grûnstoffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)