Mear omtinken staten en stinzen

© Omrop Fryslân
Staten en stinzen moatte folle mear omtinken krije. Dat seit foarsitter Bearn Bilker fan de Stichting Staten en Stinzen. Sa soe it Eysingahûs yn Ljouwert foar publyk iepen bliuwe moatte, as it Fries Museum dêr út is.
Der soe ek mear barre moatte mei it gebou fan Staniastate yn Oentsjerk. Eigner Steatsboskbehear soe der rekken mei hâlde moatte dat it gebou as erfguod foar in breed publyk iepen wêze moat, seit Bilker.