Dominomosk oerdroegen oan museum

© Omrop Fryslân
De konservator fan it Natuermuseum Rotterdam hat tongersdei yn Makkingea de dominomosk krigen. De fûgel waard yn novimber deasketten, neidat er yn it FEC yn Ljouwert 23.000 dominostientsjes omsmiten hie.
De mosk is net hiel út de striid kaam, hy mist in wjukje. Ynkoarten is de fûgel te sjen op in tentoanstelling yn it Natuermuseum Rotterdam. Neffens de konservator giet it om in beskerme húsmosk.