Michaud wint start seisdaagse

© Omrop Fryslân
De Frânsman Cedric Michaud hat de earste wedstriid fan de jierlikse maratonseisdaachse wûn. Yn Breda wie Michaud fierwei de sterkste. As iennichste wist hy twa rûntsjes foarsprong te pakken op it peloton.
Bêste Fries wie Douwe de Vries fan It Hearrenfean mei in fyfde plak. Bert Jan van der Veen fan De Jouwer waard tsiende. Tongersdei dogge de riders it Thialf-stadion oan.