Koördinator nij teater Snits

15 des 2005 - 14:21

Saaklik lieder Ben van der Knaap fan toanielselskip Tryater sil de kulturele inisjativen om it nije teater yn Snits hinne koördinearje. It teater moat de opfolger fan it eardere Amicitia en it hjoeddeistige Cine Sneek wurde.

It nije teater is nei alle gedachten yn 2008 klear. De gemeente wol dat it teater gearwurket mei it Sintrum foar de Keunsten. Der moat in soart fan 'kultuerhûs' komme yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)