Hearrenfean troch yn UEFA-cup

15 des 2005 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân

Sportclub Hearrenfean hat him pleatst foar de tredde ronde fan de UEFA-beker. De ploech wûn yn eigen stadion mei 2-1 fan Levski Sofia. Omdat Dinamo Boekarest ferlear fan Olympique Marseille, wie de winst genôch foar Europeeske oerwintering.

Hearrenfean kaam yn de 52e minút op efterstân, Samaras skoarde twa minuten letter de lykmakker. Pas yn de 90e minút wie it ynfaller Hanssen dy't de winnende goal der yn skeat.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)