Mear boaten yn Snits

15 des 2005 - 12:47

It seizoen foar toeristeboaten yn Snits wie dit jier langer as oars. It kaam no al yn maart op gong. Oare jierren wie dat yn april. Boppedat hawwe dit jier mear boaten de stêd oandien as foargeande jierren. Dat komt troch de taname fan it tal charterskippen yn Snits.

In langer farseizoen is krekt wat de gemeente foar eagen hat. It is ien fan de spearpunten yn de Nota Toerisme fan Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)