Coopmanshûs wurdt Museum Martena

15 des 2005 - 11:38

Museum it Coopmanshûs yn Frjentsjer krijt in oare namme: Museum Martena. De namme is keazen omdat it Coopmanshûs ferhûzet nei it Martenahûs, de stedsstins út 1498, dy't boud is troch Hessel van Martena.

De direksje fynt in nije namme by de ferhûzing in goeie manier om de oergong nei in folslein nij museum oan te jaan. De ferhûzing is begjin kommend jier. It museum iepent dan mids 2006 de doarren foar it publyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)