Enna Dokkum foarearst net fallyt

15 des 2005 - 11:25

Spuitbussefabryk Enna Aerosols yn Dokkum hat 24 fan de 95 wurknimmers har lean oer novimber útbetelle. De 24 binne lid fan it CNV. It fabryk foarkomt sa dat der tongersdei in beslút naam wurdt oer de fallisemintsoanfraach dy't it CNV foar it bedriuw dien hat.

Nije wike wurdt in oanfraach foar in fallisemint fan it fakbûn FNV behannele. De leden fan dat bûn hawwe har lean noch net krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)