Lyk yn parkearde auto fûn

© Omrop Fryslân
Op in parkearplak yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren is woansdeitemiddei it lichem fan in frou fûn. Se siet op it byridersplak. Hoe't de frou om it libben kaam is, is noch net bekend.
Klanten fan it winkelsintrum by it parkearplak tochten earst dat de frou lei te sliepen. Letter alarmearren se dochs de ambulânse. Dy konstatearde dat de frou stoarn wie. De auto stie der seker al in dei. De plysje tinkt net oan in misdriuw.