Start bou nije wenten yn Stiens

15 des 2005 - 09:58
Foto: Omrop Fryslân

Yn Stiens wurdt nei jierren fan praten wer boud. Woansdei is it startsein jûn foar de oanlis fan 98 wenten. De wenten binne bedoeld foar jongeren en âlderen. Ek wurdt boud foar minsken dy't ferlet hawwe fan soarch. It giet om keap- en hierhuzen foar minsken út eigen doarp.

Yn jannewaris wurdt ek úteinset mei it opknappen fan 117 wenningen yn Stiens. In tal bewenners moat fanwege dat opknappen tydlik earne oars wenje.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)