Help oan asylsikers bliuwt

15 des 2005 - 09:58

It monitorsintrum dat útprosedearre asylsikers yn Fryslân helpt, bliuwt bestean. It sintrum drige himsels op te heffen as de provinsje gjin ekstra jild op it kleed leit. Deputearre Jan Ploeg woe dy ekstra sinten net jaan, omdat neffens him it Ryk ferantwurdlik is foar de asylsikers.

Alle partijen yn de Steaten tochten der oars oer en bepaalden woansdei dat der wol ekstra jild nei it monitorsintrum moat. It giet om 96.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)